1783 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1783.)
- 5 febrewaris - Ierdskodding yn de omkriten fan Monteleone, Itaalje, 7 oere jûns, 26.750 minsken dea.
- 8 juny - De fulkaan Laky op Yslân barst út. De erupsje soe acht moannen duorje, mei nuveraardich kleure loften as gefolch. De troch de wyn meifierde sweveldampen soargje yn gâns West-Jeropa foar mislearre rispingen en mei de dêrnei kommende strange winter, foar tûzenen slachtoffers.
- 26 july - It earste eksersysjegenoatskip De Frijheid yn Dordrecht oprjochte. De Patriotten wolle de âlde frijheid weroverje op de Oranjes.
- 3 septimber - De Frede fan Versailles wurdt tekene, de definitive ein fan de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 21 novimber - De earste bemanne ballonfeart mei in Montgolfiére neamd nei de útfiners, de bruorren Montgolfier, mei oan board û.o. de Frânske natuerkundige Jean-François Pilâtre de Rozier.
- 1 desimber de natuerkundige Jacques Charles stiicht op mei in troch him ûntwikkele wetterstofballon.
- De toer fan de Martinitsjerke yn Doesburg, troch de iuwen hinne al faker troch bliksenynslach ôfbaarnd, krijt as earste bouwurk yn Nederlân in bliksemôflieder, ûntwikkele troch Cornelis Rudolphus Theodorus Krayenhoff.
- De tsjintwurdige tsjerke fan Langwar is klear
- De tsjerke fan Allingawier wurdt lytser makke
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
Wikimedia Commons
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1783 fan Wikimedia Commons.
|
|