www.fgks.org   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Abraham Ortelius

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jun 2006 om 20.24 troch 83.117.225.78 (oerlis)

Abraham Ortelius (* 14 april 1527, Antwerpen - † 4 july 1598, Antwerpen) wie in kaartmakker en geograaf, mei as bynamme "de Ptolemeus fan de 16e ieu".

Abram Orelius studearre yn Antwerpen Gryksk, Latyn en Wiskunde. Earst waard er kaartferkeaper en boekhanneler, mar hy learde yntusken foar kaartmakker.

Yn 1570 kaam de earste útjefte fan syn wichtichste wurk, Theatrum Orbis Terrarum (Teater fan de ierdbol), út, dat nei alle gedachten de earste kear wie dat in bondel fan kaarten as boek útjoen waard. Oant likernôch 1612 wienen der 42 útjeften fan it boek, yn 7 talen: Latyn, Dútsk, Flaamsk, Frânsk, Spaansk, Ingelsk en Italiaansk.