|
|
Rigel 17: |
Rigel 17: |
|
| eveneminten = |
|
| eveneminten = |
|
}} |
|
}} |
⚫ |
[[Ofbyld:Eerste steen Abe Lenstra Stadion 02.JPG|thumbnail| right|De earste stien foar it stadion waard op 14 maart 1994 lein troch foarsitter Riemer van der Velde.]] |
|
⚫ |
[[Ofbyld:Abe Lenstra u11c.JPG|thumbnail|right|Stânbyld fan Abe Lenstra by de haadyngong fan it stadion]] |
|
⚫ |
[[Ofbyld:Abe Lenstra Stadion 08c.JPG|thumbnail|right|East- en noardkante fan it Abe Lenstra stadion]] |
|
|
|
|
|
|
It '''Abe Lenstra stadion''' is in fuotbalstadion op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], it is neamd nei âld-fuotballer [[Abe Lenstra]]. It stadion wurdt meast brûkt troch de profesjonele fuotbalklub [[SK It Hearrenfean]]. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean oan de [[Rykswei 32]], op likernôch fyftjin minuten rinne fan it [[Stasjon It Hearrenfean]] en fiif minuten rinne fan it sintrum. Yn it stadion is plak foar 26.100 en is in ûnderdiel fan [[Sportstêd It Hearrenfean]].<ref name="histoarje">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/historie Abe Lenstra Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> |
|
It '''Abe Lenstra stadion''' is in fuotbalstadion op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], it is neamd nei âld-fuotballer [[Abe Lenstra]]. It stadion wurdt meast brûkt troch de profesjonele fuotbalklub [[SK It Hearrenfean]]. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean oan de [[Rykswei 32]], op likernôch fyftjin minuten rinne fan it [[Stasjon It Hearrenfean]] en fiif minuten rinne fan it sintrum. Yn it stadion is plak foar 26.100 en is in ûnderdiel fan [[Sportstêd It Hearrenfean]].<ref name="histoarje">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/historie Abe Lenstra Stadion], sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)</ref> |
|
|
|
|
|
== Bou == |
|
== Bou == |
|
⚫ |
[[Ofbyld:Eerste steen Abe Lenstra Stadion 02.JPG|thumbnail| left|De earste stien foar it stadion waard op 14 maart 1994 lein troch foarsitter Riemer van der Velde.]] |
|
Yn [[1990]] ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan [[Sportpark Noard]] in psychiatrysk sikehûs te bouwen.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> |
|
Yn [[1990]] ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan [[Sportpark Noard]] in psychiatrysk sikehûs te bouwen.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> |
|
|
|
|
Rigel 33: |
Rigel 31: |
|
|
|
|
|
== Iepening == |
|
== Iepening == |
|
⚫ |
[[Ofbyld:Abe Lenstra u11c.JPG|thumbnail|right|Stânbyld fan Abe Lenstra by de haadyngong fan it stadion]] |
|
Op [[22 augustus]] [[1994]] spile SK It Hearrenfean de iepeningswedstriid tsjin [[PSV]] út [[Eindhoven]]. It wie de earste wedstriid fan it [[Brazylje|Brazyljaanske]] talint [[Ronaldo]] op [[Europa|Europeeske]] boaiem.<ref>[http://www.deondernemer.nl/sport/545402/Oud-PSVer-Ronaldo-stopt-per-direct.html Oud PSV'er Ronaldo stopt per direct], DeOndernemer.nl (sjoen op 8 maart 2013)</ref> Foar de oefenwedstriid, dy't yn 0-0 einigje soe, ferjocht de doedestiids noch [[Prins Willem-Alexander]] de ôftraap. As tank waard de prins in pear [[klompe]]n en in flesse [[Bearenburch]] oanbean.<ref>[http://www.feanfans.nl/stadion.html Abe Lenstra Stadion], Feanfans.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> |
|
Op [[22 augustus]] [[1994]] spile SK It Hearrenfean de iepeningswedstriid tsjin [[PSV]] út [[Eindhoven]]. It wie de earste wedstriid fan it [[Brazylje|Brazyljaanske]] talint [[Ronaldo]] op [[Europa|Europeeske]] boaiem.<ref>[http://www.deondernemer.nl/sport/545402/Oud-PSVer-Ronaldo-stopt-per-direct.html Oud PSV'er Ronaldo stopt per direct], DeOndernemer.nl (sjoen op 8 maart 2013)</ref> Foar de oefenwedstriid, dy't yn 0-0 einigje soe, ferjocht de doedestiids noch [[Prins Willem-Alexander]] de ôftraap. As tank waard de prins in pear [[klompe]]n en in flesse [[Bearenburch]] oanbean.<ref>[http://www.feanfans.nl/stadion.html Abe Lenstra Stadion], Feanfans.nl (sjoen op 9 maart 2013)</ref> |
|
|
|
|
Rigel 40: |
Rigel 39: |
|
|
|
|
|
== Utwreidings == |
|
== Utwreidings == |
|
⚫ |
[[Ofbyld:Abe Lenstra Stadion 08c.JPG|thumbnail|right|East- en noardkante fan it Abe Lenstra stadion]] |
|
It Abe Lenstra Stadion hat troch de jierren hinne al in stikmannich ferbouwings ûnderfûn. De earste ferbouwing hie einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken fan it stadion. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwings plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> |
|
It Abe Lenstra Stadion hat troch de jierren hinne al in stikmannich ferbouwings ûnderfûn. De earste ferbouwing hie einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken fan it stadion. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwings plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.<ref name="side 10">Albert van Keimpema (1995). ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.<ref name="Utwreiding">[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> |
|
|
|
|
Oan dizze side wurdt noch wurke!
Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is.
|
It Abe Lenstra stadion is in fuotbalstadion op It Hearrenfean, it is neamd nei âld-fuotballer Abe Lenstra. It stadion wurdt meast brûkt troch de profesjonele fuotbalklub SK It Hearrenfean. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean oan de Rykswei 32, op likernôch fyftjin minuten rinne fan it Stasjon It Hearrenfean en fiif minuten rinne fan it sintrum. Yn it stadion is plak foar 26.100 en is in ûnderdiel fan Sportstêd It Hearrenfean.[1]
Bou
De earste stien foar it stadion waard op 14 maart 1994 lein troch foarsitter Riemer van der Velde.
Yn 1990 ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan Sportpark Noard in psychiatrysk sikehûs te bouwen.[3] Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.[3]
Twa jier letter leinen de earste plannen al op tafel. Oan de eastkante fan de Rykswei 32 (sûnt 2000, doe't de dyk fjouwerbaans waard leit it stadion oan de westkante fan de Rykswei) moast it nije stadion komme.[4] It plan fan de arsjitekten, dy't ideeën opdien hienen yn it honkbalstadion fan de New York Yankees, bestie út in stadion mei fjouwer losse tribunes, dus mei iepen hoeken.[5][4]. By de gearkomste fan de gemeenterie op 6 april 1993 stimde de rie fan It Hearrenfean yn mei it nij te bouwen stadion, dat yn totaal 13.800 sitplakken te ferjaan krige.[4] Op 1 oktober fan dat selde jier gie de earste peal de grûn yn.[3]
Noch tidens de bou waarden de plannen foar it stadion alwer oanpast. Guon minsken fûnen dat ek de hoeken tichboud wurde moasten. De klup sels hie de sinten hjir net foar, dat in groep sakelju, besteande út SK It Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde en de sponsors Lippe Lap, Klaas Oenema en Klaas de Leeuw, soarge derfoar dat de sinten der kamen.[4] Yn totaal gie it om in ekstra bedrach fan 2,4 miljoen gûne (likernôch 1 miljoen euro) dat troch de sakemannen bylein waard.[2] Mei dizze sinten kamen de totale kosten foar it stadion op rom 22 miljoen gûne (likernôch 10 miljoen euro).[2] Dit jild kaam ûnder oare byelkoar troch de ferkeap fan de grûn fan Sportpark Noard foar 4 miljoen gûne, 3 miljoen fan de gemeente, 4 miljoen fan bedriuwen en partikulieren en de klup sels betelle 3 miljoen gûne mei.[2]
Op 1 oktober 1993 waard de earste peal slein troch Jos Staatsen, doedestiids foarsitter fan de KNVB, en op 14 maart 1994 waard de earste stien lein troch foarsitter fan SK It Hearrenfean, Riemer van der Velde.[2] Troch de treflike organisaasje fan de bou koe it stadion al op 15 july yn plak fan op 1 oktober oplevere wurde troch boubedriuw Van Wijnen.[5]
Iepening
Stânbyld fan Abe Lenstra by de haadyngong fan it stadion
Op 22 augustus 1994 spile SK It Hearrenfean de iepeningswedstriid tsjin PSV út Eindhoven. It wie de earste wedstriid fan it Brazyljaanske talint Ronaldo op Europeeske boaiem.[6] Foar de oefenwedstriid, dy't yn 0-0 einigje soe, ferjocht de doedestiids noch Prins Willem-Alexander de ôftraap. As tank waard de prins in pear klompen en in flesse Bearenburch oanbean.[7]
By de iepening fan it nije fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean waard ek it stânbyld fan Abe Lenstra troch syn frau Hill Lenstra en dochters Metteke en Janneke ûntbleate. It stânbyld waard troch haadsponsor Batavus oanbean.[4]
De earste offisjele wedstriid wie op 26 augustus 1994 tsjin FK Grins. Tom Sier, ferdigener by It Hearrenfean, hie de ear om it earste doelpunt te setten yn it nije stadion.[8] De wedstriid waard úteinlik mei 2-0 wûn troch It Hearrenfean, de oare doelpuntemakker wie Erik Regtop.[9]
Utwreidings
East- en noardkante fan it Abe Lenstra stadion
It Abe Lenstra Stadion hat troch de jierren hinne al in stikmannich ferbouwings ûnderfûn. De earste ferbouwing hie einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken fan it stadion. Yn 1996, 1997 en 2000 fûnen der ferbouwings plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.[10] Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn 2001.[11] By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.[3] Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.[10]
Yn 2004 waard yn it ramt fan Sportstêd It Hearrenfean begûn mei in grutte ferbou, en om it stadion hinne nijbou, fan it Abe Lenstra Stadion. Yn ferskate fazes waard it stadion stadichoan útwreide fan likernôch 14.500 plakken nei yn totaal 25.5000 plakken.[10] . Mei it slaan fan de earste peal troch Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels op 19 juny 2003 waard begûn mei de earste faze, it útwreidzjen fan de eastkante fan it stadion.[12] De twadde faze bestie út it útwreidzjen fan de súdtribune en as lêste waard de noardtribune útwreide. Der kamen yn totaal 1.500 plakken foar spoansers by en 9.500 foar de supporters.[10]
Dêrnei waarden yn 2007 en 2008 yn de hoeken oan de westkante fan it stadion noch lytse oanpassings dien, wêrtroch de ynhâld fan it stadion tanaam oant 26.100 plakken.[10] By de lêste ferbouwing yn 2008 ferhuze de romte foar minsken mei yn beheining fan de súdwesthoeke nei de grêft oan de westkante fan it stadion, njonken de dug-outs.[13]
Op 8 novimber 2007 sette SK It Hearrenfean in artikel op harren webstee oer it mooglik noch fierder útwreidzjen fan it stadion.[14] Dit yn it ramt fan it WK fuotbal yn 2018 wêr't Nederlân en Belgje harren kandidaat foar stelle woenen. De KNVB hie de Sportklup en de gemeente It Hearrenfean al frege hoe't dizze partijen tsjinoer de plannen stienen. Mocht it WK fuotbal fan 2018 dan oan Nederlân en Belgje tawezen wurde dan soe it stadion útwreide wurde moatte nei likernôch 43.000 sitplakken.
Op 28 july 2009 makke de fuotbalklup bekend it stadion fierder útwreide te wollen mei 6.000 plakken oant 32.100.[15] By de nije ferbouwing soe rekkenskip hâlden wurde mei it mooglik noch fierder útwreidzjen oant 44.000 sitplakken foar it WK fan 2018. De ferbouw soe plak fine moatte oan de westkante fan it stadion.[16] Begjin 2010 wie de gemeente It Hearrenfean al útein setten mei de prosedures foar de útbou en yn it foarjier fan 2010 soe de ferbou begjinne kinne.[17][18] Uteinlik liet de klup de ferbouwing net troch gean. Op 28 oktober 2010 makke SK It Hearrenfean op harren eigen hiemside bekend dat de ferbou fan it stadion útsteld waard. Neffens de klup is dizze kar makke fanwegen de ekonomyske sitewaasje fan dy tiid, de swierrichheden yn it Nederlânske betelle fuotbal en de finansjele sitewaasje fan de klup sels.[19]
Yn maart 2012 makke Hearrenfean-foarsitter Robert Veenstra by Omrop Fryslân bekend dat yn de simmer fan 2012 de grêft oan de eastkante fan it stadion tichtboud wurde soe.[20] Dit soe 1.000 ekstra plakken opsmite moatte. Dêrnei soene ek de grêften by de noard- en súdtribune tichtboud wurde. Oant no ta hat de ferbou noch net plak hân.
Steanfek
In stuit krek foar de wedstriid tusken SK It Hearrenfean en VVV Venlo op 4 oktober 2010.
Sûnt de ferbouwing fan it Abe Lenstra Stadion yn it ramt fan Sportstêd It Hearrenfean is der ek in steanfek yn it stadion. Dit fek is tawezen oan de supportersferiening Nij Noard. It steanfek bestie yn it fuotbalseizoen 2005/2006 út it âlde útfek, it fek foar de oanhing fan de útklup.[21] Doe't dit útfek ferhuze nei de oare kant koe Nij Noard dêr in skoft gebrûk fan meitsje. Letter, doe't de ferbou fan it stadion folslein klear wie, ferhuze it steanfek nei de boppekant fan de noardtribune, rjocht efter de goal.
Yn it steanfek is plak foar 1.200 minsken.[22]
Gersfjild
Troch de jierren hinne hawwe der troch ûnder oare alch en onkrûd in soad problemen west mei it gersfjild yn it Abe Lenstra stadion.[23] Oarsaken binne ûnder oare it waar, de grutte belesting fan it fjild troch wedstriden en trenings en de hege tribunes om it fjild hinne wêrtroch it gers net op alle plakken genôch ljocht krijt.[24][25]
Om dizze redenen waard yn 2000 koart nei mekoar twa kear it fjild ferfong. By de twadde kear waard in saneamd Grass-Master-fjild oanlein, in kombinaasje fan keunst- en natuergers.[26]
By de ferbouwings yn it ramt fan Sportstêd waarden de tribunes heger makke, hjirtroch krige it gers te min ljocht om goed te waaksen.[25] Om it gers sûn te hâlden hat SK It Hearrenfean doe besocht om mei assimilaasjebeljochting it fjild yn in bettere steat te krijen.[25] Hjirby wurdt it gers ekstra beljochte mei keunstljocht. Dizze technyk wurdt hjoed de dei noch hieltyd brûkt yn it Abe Lenstra stadion.[27]
Yn de simmer fan 2008 krige it fjild fan it Abe Lenstra stadion in grutte renovaasje.[28] Doe waard 80 sentimeter grûn fuort helle en waarden ûnder oare de bereiningsynstallaasje en de drainaazje ferfongen.[28][29] Yn 2009 en 2010 krige it Abe Lenstra stadion in nije gersmatte neidat Guus Meeuwis yn de simmer fan dy jierren inkele konserten jûn hie yn it stadion.[28][29]
De VVCS (Vereniging van Contractspelers), it bûn foar profesjonele fuotballers, hâldt alle jieren in fjildenkompetysje. Hjirby jouwe de oanfierders fan de fuotbalklups yn de Earedivyzje in sifer fan 1 oant en my 5 oan de fuotbalfjilden. Yn de tussenstân fan 14 maart 2013 stiet it fjild fan it Abe Lenstra stadion op it 8e plak.[30]
Panorama fan it Abe Lenstra stadion, sjoen fan de súdtribune ôf.
Eveneminten
Yn de rin fan de tiid is it Abe Lenstra Stadion net allinnich brûkt troch SK It Hearrenfean. Ek de KNVB hat it stadion meardere kearen brûkt foar it spyljen fan ynterlâns foar benammen de ûnder 21 ploech. Dêrnjonken hawwe ek artysen en teaterselskippen gebrûk makke fan it stadion.
Konserten
Yn 1995 waard, yn it ramt fan it Frysk Festival, it tonielstik Abe! troch Tryater opfiert yn it stadion.[31] Yn it tonielstik waard ûnder oare de legendaryske wedstriid tusken SK It Hearrenfean en Ajax fan 7 maaie 1950 neispiele.[31] Yn dizze wedstriid stie It Hearrenfean nei in oere mei 1-5 efter, mar wisten hja dochs noch mei 6-5 te winnen.[32] De rol fan de jonge Abe waard spile troch Ronnie Pander, dy't yn dy tiid by de jongerein fan It Hearrenfean spile.[33]
Op 6 juny 1997 hâld popgroep De Kast in konsert yn it stadion. Likernôch 12.000 minsken wienen by it barren oanwêzich.[34]
Yn 2009 organisearret Guus Meeuwis, yn it ramt fan syn Groots met een zacht G-konserterige, twa optredens yn it Abe Lenstra stadion. Ek yn 2010 hâldt Meeuwis hjir in konsert yn syn rige konserten fan dat jier.[35][36]
EK Fuotbal -21
Yn 2007 waard it stadion brûkt foar it EK foar spilers ûnder de 21 jier en guon kwalifikaasjewedstriden dêrfan. Yn ûndersteande tabel steane de wedstriden wêryn it Abe Lenstra stadion foar dit evenemint brûkt waard:
Datum
|
Lannen
|
Einstân
|
Wedstriidtype
|
Jier
|
7 septimber 2004
|
Jong Oranje - Jong Tsjechje
|
0-0
|
kwalifikaasje omgong EK ûnder 21
|
2006
|
15 novimber 2005
|
Jong Oranje - Jong Sloveenje
|
2-0
|
play off omgong EK ûnder 21 jaar
|
2006
|
10 juny 2007
|
Jong Oranje - Jong Israël
|
1-0
|
EK ûnder 21
|
2007
|
13 juny 2007
|
Jong Belgje - Jong Israël
|
1-0
|
EK ûnder 21
|
2007
|
16 juny 2007
|
Jong Belgje - Jong Oranje
|
2-2
|
EK ûnder 21
|
2007
|
20 juny 2007
|
Jong Oranje - Jong Ingelân
|
1-1 (winst oranje nei strafskoppen)
|
EK ûnder 21
|
2007
|
Op 18 novimber 2009 waard der foar de earste kear en oant no ta ienige kear in ynterlân spile fan it Nederlânsk alvetal yn it Abe Lenstra Stadion.[37] It Nederlânsk alvetal spile dy jûn tsjin Paraguay, de wedstriid einige yn 0-0 en der wienen 25.000 minsken oanwêzig.[37][38] It hat net de earste kear west dat der in ynterlân spile waard op It Hearrenfean. Op 4 septimber 1985, twa dagen nei de dea fan Abe Lenstra, spile Oranje op Sportpark Noard tsjin Bulgarije, doe waard it 1-0 foar Nederlân.[39]
Wrâldkampioenskip Fuotbal 2018
Yn 2006 ûntstienen der plannen om it Wrâldkampioenskip Fuotbal fan 2018 yn Nederlân en Belgje te hâlden.[40] It Abe Lenstra stadion soe dan ien fan de stadions wêze wêr't wedstriden foar it wrâldkampioenskip spile wurde soenen.[41] It stadion soe dan yn 2017 útwreide wurde nei in kapisiteit fan 42.450 sitplakken.[41] Mar op 2 desimber 2010 waard bekend dat it evenemint net yn Nederlân en Belgje, mar yn Ruslân spile wurde sil.
Fasiliteiten
Ûnder de easttribune fan it stadion is Fryslân Fean Plaza fêstige. Dit is de supportersromte fan Sportklup It Hearrenfean en is likernôch 1.500 kante meter grut.[42] Yn dizze romte kin de oanhing foar en nei wedstriden fan It Hearrenfean gearkomme. Ek kinne hjir feestlike en saaklike gearkomsten hâlden wurde.
It Fryslân Fean Plaza is oanklaait mei ferskate skaaimerken út de Fryske kultuer. Tocht kin wurde oan it skûtsje, de Snitser wetterpoarte en in kop-hals-romppleats.[42]
Oan de westkante fan it Abe Lenstrastadion binne de Feansjop en de Pronkkeamer fêstige. Yn de Feansjop wurde fanartikels ferkocht. Tocht moat wurde oan T-sjirts, sjalen, mûtsen, ensfh.[43] De Pronkkeamer is it museum fan SK It Hearrenfean en waard 11 novimber 1997 troch Freek de Jonge iepene.[44] Hjir is ûnder oare de KNVB-beker dy’t yn 2009 wûn waard te besjen en binne de fuotbalskuon fan Abe Lenstra te pronk setten.
It Abe Lenstra stadion biedet ferskate mooglikheden foar bedriuwen en partikulieren om gearkomsten te hâlden. Dit kin yn de gearkomsteromten yn it stadion. Yn de Amstel Lounge is it mooglik in feest te organisearen. Ek is it stadion in offisjele troulokaasje, wêrtroch it mooglik is om op it fjild fan de Sportklup te boaskjen.[42]
Yn it stadion sit ek it restaurant 'De Ambiance' fêstige.[45]
Taskôgersoantallen
De trochsneed taskôgersoantallen fan it Abe Lenstra stadion by kompetysjewedstriden fan SK It Hearrenfean sûnt 1994.[46][47]
Jier |
Taskôgers
|
1994/1995 |
12.724
|
1995/1996 |
13.724
|
1996/1997 |
13.279
|
1997/1998 |
13.608
|
1998/1999 |
13.768
|
1999/2000 |
13.813
|
2000/2001 |
14.188
|
2001/2002 |
14.235
|
2002/2003 |
14.258
|
2003/2004 |
14.678
|
|
Jier |
Taskôgers
|
2004/2005 |
14.678
|
2005/2006 |
20.494
|
2006/2007 |
25.470
|
2007/2008 |
25.223
|
2008/2009 |
25.617
|
2009/2010 |
25.691
|
2010/2011 |
25.787
|
2011/2012 |
23.305
|
2013/2014 |
24.415*[48]
|
|
* Bywurke oant 13 febrewaris 2013.
Nijsgjirrich
De neikommende sifers binne fan tapassing op it Abe Lenstra stadion.[49]
- 24.900 sitplakken
- 1.200 steaplakken
- 21 sealen
- 51 sakeromtes
- 3.800 parkearplakken
Gallery
-
East- en noardkante fan it Abe Lenstra stadion
-
Abe Lenstra stadion sjoen fan it parkearplak oan de noardkante
-
Stânbyld fan Abe Lenstra by de haadyngong fan it stadion
-
Earste stien fan it Abe Lenstra stadion
-
It Abe Lenstra Stadion fan binnen
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ 1,0 1,1 Abe Lenstra Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
- ↑ 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Albert van Keimpema (1995). Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11
- ↑ 3,0 3,1 3,2 3,3 Albert van Keimpema (1995). Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10
- ↑ 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 Bouw en opening Abe Lenstra stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013) Sitearflater: Unjildige
<ref> -oantsjutting; de namme "Bou" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld
- ↑ 5,0 5,1 Albert van Keimpema (1995). Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 12
- ↑ Oud PSV'er Ronaldo stopt per direct, DeOndernemer.nl (sjoen op 8 maart 2013)
- ↑ Abe Lenstra Stadion, Feanfans.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ Tom Sier, Feanonline.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ sc Heerenveen - FC Groningen, VI.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ 10,0 10,1 10,2 10,3 10,4 Uitbreidingen stadion, sc-heerenveen.nl (7 maart 2013) Sitearflater: Unjildige
<ref> -oantsjutting; de namme "Utwreiding" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld
- ↑ Voetbal International (2001). Voetbal International, seizoengids 2001/2002. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam
- ↑ De historie, Sportstad.nl (sjoen op 13 maart 2013)
- ↑ Uitbreiding Abe Lenstra stadion, ForzaHeerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ sc Heerenveen wil WK 2018 in Abe Lenstra Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 13 maart 2013)
- ↑ sc Heerenveen start ambitieus aan seizoen, sc-heerenveen.nl (sjoen op 13 maart 2013)
- ↑ Heerenveen wil Abe Lenstra Stadion uitbreiden, Trouw.nl (sjoen op 13 maart 2013)
- ↑ Gemeente start procedures uitbreidings Abe Lenstra stadion, HeerenveenseCourant.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
- ↑ Heerenveen wil Abe Lenstra Stadion uitbreiden, Nu.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
- ↑ Voorlopig geen uitbreiding Abe Lenstra stadion, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
- ↑ Uitbreiding Abe Lenstra stadion deze zomer, Feantastisch.nl (sjoen op 15 maart 2013)
- ↑ Nieuw Noord Geschiedenis, NieuwNoord.org (sjoen op 15 maart 2013)
- ↑ Bouw Abe Lenstra stadion, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 15 maart 2013)
- ↑ Onkruid wint bij Heerenveen, Ljouwerter Krante fan 14 maart 2005 (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ Groeilampen moeten grasmat redden, Ljouwerter Krante fan 14 maart 2005 (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ 25,0 25,1 25,2 Experiment met gras in het Abe Lenstra-stadion, Soccernews.nl (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ Heerenveen krijgt al weer nieuwe grasmat in stadion, Ljouwerter Krante fan 17 july 2000 (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ Heerenveen, Stadium Grow Lightning (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ 28,0 28,1 28,2 Nieuwe grasmat in Abe Lenstra stadion, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ 29,0 29,1 Geur van gras terug in Abe Lenstra stadion, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ Tussenstand veldencompetitie Eredivisie maart 2013, VVCS.l (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ 31,0 31,1 Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion, Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ vv Heerenveen - Ajax 6-5, Feantastisch.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ De 'nieuwe' Abe Lenstra moet nog flink oefenen, Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ Biografie, DeKast.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ Guus Meeuwis komt in Heerenveen, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 21 maart 2013)
- ↑ Groots sinds 2006, Grootsmeteenzachteg.nl (sjoen op 21 maart 2013)
- ↑ 37,0 37,1 Interlands Nederland Elftal in het Abe Lenstra stadion, Voetbalstats.nl (sjoen op 6 maart 2013) Sitearflater: Unjildige
<ref> -oantsjutting; de namme "Ynterlân" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld
- ↑ Nederland - Paraguay (18-11-2009) VI.nl (sjoen op 6 maart 2013)
- ↑ Oranje ontvangt Paraguay in Abe Lenstra stadion, VI.nl (sjoen op 6 maart 2013)
- ↑ 'België enthousiaster over WK dan wij' , VI.nl (sjoen op 20 maart 2013)
- ↑ 41,0 41,1 Stadions, TheHollandBelgium Bid (sjoen op 27 novimber 2010) Sitearflater: Unjildige
<ref> -oantsjutting; de namme "Bid" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld
- ↑ 42,0 42,1 42,2 Faciliteiten Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
- ↑ Feansjop, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
- ↑ Foto week 46 Abe Lenstra, Cybercomm.nl (sjoen op 23 maart 2013)
- ↑ Restaurant, AbeLenstraStadion.nl (sjoen op 9 maart 2013)
- ↑ Voetbal International (2004). Voetbal International, seizoengids 2001/2002. WP Sport Media BV, Amsterdam
- ↑ Voetbal International (2012). Voetbal International, seizoengids 2012/2013. Voetbal International BV, Gouda
- ↑ Voetbal International. Cijfers Eredivisie. Voetbal International, 48 (7), side 50.
- ↑ Bouw Abe Lenstra Stadion, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 15 maart 2013)
|
Keppelings om utens